Fryske jeugdorkesten hâlde op

13 maaie 2001 - 00:00

Fjouwer Fryske jeugdorkesten drige op te hâlden as se net mear provinsjaal jild krije. De orkesten ha oanjûn dat se te min jild ha om goed funksjonearje te kinnen, mar dy stipe is der net kommen.

It Frysk Jeugd Harmony Orkest, de Fryske Jeugd Brassband, it Frysk Jeugd Akkordeon Orkest en It Frysk Jongerekoar sjogge gjin oare oplossing mear. Se hâlde 11 juny yn De Harmonie in ôfskiedskonsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)