Adellik houlik yn Friens

12 maaie 2001 - 00:00

Yn it tsjerkje fan Friens wie sneon in bysûnder houlik. In barones út it laach fan Van Sytzama troude dêr. It slot fan de adellike famylje stie yn it doarp. De foarâlden fan de breid binne op it tsjerkhôf begroeven.

Yn de tsjerke wienen in soad gasten mei blau bloed en de froulju hienen huodden op. De ynwenners hienen it doarp fersierd. It pear wennet yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)