Burgumer miljeuhûs lûkt sjoggers

12 maaie 2001 - 00:00

Duorsum bouwe sprekt de ynwenners fan Tytsjerksteradiel oan. Dat tinkt de gemeente om't der in soad belangstelling foar it miljeuhûs yn Burgum wie. In moanne lyn is it hûs iepene en al 200 minsken hawwe west te sjen.

De gemeente organisearret de kommende wiken tal fan ynformaasjejûnen oer duorsum bouwe. Sinne-enerzjy en it werbrûken fan reinwetter komme oan de oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)