Feroaring feehâlderij nedich

© Omrop Fryslân
De feehâlderij moat neffens de LTO yngeand feroarje. Dat is nedich foar sûner iten en it wolwêzen fan bisten. Bisten soene dêrom minder ferfierd wurde moatte en it moat dúdlik wêze wêr't se weikomme.
De LTO skriuwt dat yn in notysje oer de takomst fan de feehâlderij. De LTO fynt dat keallen, melkkij en skiep net mear fia de feemerk ferhannele wurde meie.