Fryske taart foar Beatrix

© Omrop Fryslân
Trije learlingen fan it Piter Jelles Kolleezje yn Ljouwert, de eardere Bakkersfakskoalle, ha freed yn Den Haach in taart oanbean oan keningin Beatrix. Dat barde yn it ramt fan memmedei.
De hofdame fan Beatrix hat de taart yn ûntfangst nommen, om't de keningin it sels te drok hie. De taart bestie út seis oranje ûnderdielen dy't allegear in oare smaak sinasappel hawwe.