Fertochte ATF-brân oanholden
In jier nei de brân by ATF yn Drachten hat it miljeu-resjerzjeteam Fryslân freed in fertochte oanholden. It giet om in 45-jierrige meiwurker fan de ATF yn Drachten.
De man hat nei alle gedachten flaters makke by de opslach fan gefaarlike stoffen. Dêr soe de brân 12 maaie ferline jier troch ûntstien wêze. Fierder soe de man dokuminten ferfalske hawwe.