Kandidaat foar Aqualutra

10 maaie 2001 - 00:00

Aqualutra hat frijwel seker in nije eigner. Rekreaasjebedriuw Libéma út Den Bosch soe it otterpark yn Ljouwert oernimme wolle.

De nije eigner wol flink ta de bûse. Der sille miljoenen ynvesteard wurde om mear besikers te lûken. It giet al in skoftke net goed mei it otterpark. Freed komt der mear nei bûten oer de oernameplannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)