Brannen It Fean oplost

10 maaie 2001 - 00:00

De plysje fan It Hearrenfean hat mei de oanhâlding fan fjouwer jonges in grut tal brânstiftings oplost. De jonges, 16, 18 en 19 jier, ha 23 brannen bekend.

Tusken jannewaris en april ha de jonges benammen yn de wykeinen brân makke, faak yn konteners. By muzykhannel Van der Glas ûntstie in miljoeneskea. Ek baarnde in kear in frachtauto út. De brân by Scheer en Foppen soe har wurk net wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)