Fertochte sedesaak Drachten frij

10 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De 18-jierrige fertochte fan oanranding fan twa famkes yn Drachten is woansdei frijlitten. De rjochter hat dat besluten. It is net krekt dúdlik wêrom. It Iepenbier Ministearje oerwaget om berop oan te tekenjen tsjin it beslút.

De jonge hat fjirtjin dagen fêstsitten. Hy soe twa famkes seksueel misbrûkt hawwe. Hy is oanhâlden nei in oprop yn it tv-programma Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)