Soad stellerijen oplost
Mei de oanhâlding fan twa mannen (27 en 29 jier) út Lelystêd binne fyftich saken fan stellerij yn it noarden fan Nederlân oplost. De plysje trappearre de ynbrekkers op de died. Se sitte fêst.
De dieven brutsen yn wenningen yn troch it boarjen fan gatsjes. Hast de helte fan de ynbraken wie yn hûzen yn Snits, Wolvegea en Ychtenbrêge. Se namen cd's, jild en lûdsapparatuer mei.