Brada mei wer slachtsje

09 maaie 2001 - 00:00

Slachterij Brada yn Ljouwert kin wer oan de slach. Lânbouminister Brinkhorst makke tiisdei bekend dat der wer fleis útfierd wurde mei. It bedriuw hat sân wiken stillein yn ferbân mei de útbraak fan tongblier yn Fryslân in moanne lyn.

Fan freed ôf mei fleis út hiel Nederlân nei it bûtenlân eksportearre wurde. De NLTO is wiis mei de berjochtjouwing fan minister Brinkhorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)