Húsdokters tefreden oer akkoart

© Omrop Fryslân
De Fryske húsdokters binne reedlik tefreden oer it lanlike akkoart dat mei de soarchfersekerers berikt is. Der komt 180 miljoen gûne ekstra foar de húsdokters dy't ferline wike trije dagen staakt hawwe. It aksjekomitee sjocht dat as in sukses fan de stakingen.
De húsartsen sizze mei elkoar 450 miljoen gûne nedich te hawwe, dat de problemen binne noch net oplost.