Jouster omkommen by brân

© Omrop Fryslân
In 63-jierrige Jouster is tiisdei om it libben kommen by in brân yn har wente oan de Prinses Margrietstrjitte. De brân waard ûntdutsen troch in buorman. Dy hat besocht de frou te helpen, mar de hiele foarkeamer en in part fan de boppeferdjipping stiene al yn 'e brân.
De brânwacht hat letter de omkommen frou út de wenning helle. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.