Fúzje wetterliedingbedriuwen

© Omrop Fryslân
Nuon Wetter yn Fryslân fusearret takom jier mei wetterliedingbedriuwen yn Gelderlân en Oerisel. De yntinsjeferklearring foar de fúzje is tiisdei tekene.
It haadkantoar fan Nuon Wetter sit yn Ljouwert. Deputearre Jansen giet derfan út dat ek it haadkantoar fan it nije bedriuw dêr komt. It bedriuw wurdt mei in oardel miljoen oanslutings it grutste wetterliedingbedriuw yn Nederlân.