Makkumer aak op 'e wâl lein

© Omrop Fryslân
60 jier hat it yn Makkum lein, it skip Nooitgedacht fan kluzener Jan van der Linden. De monumintale Hasselteraak is moandei út it wetter helle en leit no by de nije eigner op it hiem.
De famylje Van der Linden brûkte it skip oant 1939 foar feantransport. Dêrnei lei it as in monumint op ferskate plakken yn Makkum. In soad Makkumers wolle it skip behâlde, ek no't it op 'e wâl leit.