Automobilist riidt op plysje yn

© Omrop Fryslân
In Drachtster (33) is moandei mei syn auto ynriden op in plysje. Dy woe tefoaren komme dat de man fuortried, want hy hat gjin rydbewiis. In plysjebuske tsjinne dêrby as blokkade.
De man sprong lykwols achter it stjoer en sette de motor oan. De plysje luts it pistoal, mar de Drachtster ried op him yn en ramde it buske. De plysje koe der krekt op 'e tiid foarwei springe.