VVD yn noed oer jeugdorkesten

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de VVD makket him soargen oer de sitewaasje by de Fryske jeugdorkesten. Neffens de fraksje wolle in soad jongeren wol yn ien fan de orkesten spylje, mar is der te min jild om dat foar inoar te krijen.
De VVD tinkt dat de provinsje wat oan de sitewaasje dwaan moat. Meikoarten wol de partij oer de saak prate yn de steatekommisje.