Preemje foar oanbringen baakster

07 maaie 2001 - 00:00

In preemje fan 250 gûne foar it oanbringen fan nij kreampersoniel. Mei dy aksje wol de ynstelling Samenzorg Thuiszorg en Kraamzorg Noord-Nederland de krapte op de merk bestride. Op 't heden binne der fierste min baaksters.

Kreamfroulju yn Súd-Fryslân krije al in dei minder help. Yn stee fan de gebrûklike acht krije se no sân, sa makke Thússoarch de Friese Wouden bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)