Sneupersjûn yn Noardwâlde

06 maaie 2001 - 00:00

Stichting Doarpsargyf Noardwâlde hâldt woansdei 16 maaie in sneupersjûn yn 't Vlechtwerk. Minsken kinne op dy jûn histoarysk materiaal oer it doarp sjen litte en beprate, mar ek ynbringe.

De stichting hat romte tawiisd krige yn it nije Vlechtmuseum. Sadwaande kin de besteande samling útwreide wurde. Op de sneupersjûn jouwe frijwilligers in taljochting op it materiaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)