Rêstige betinking yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De deadebetinking yn Dokkum wie freed folle rêstiger as oars. Fanwege tongblierbesmetting hie boargemaster Cazemier de befolking oproppen net manmachtich te kommen. In lyts groepke fan it 4 maaie-komitee lei de krânsen.
Yn 'e Prinsetún yn Ljouwert wie it wol drok. Under lieding fan boargemaster Van Maaren en cdK Nijpels betochten protten minsken de omkommen lângenoaten.