Nije single en klip fan Twarres

04 maaie 2001 - 00:00

De nije single fan it Wergeaster duo Twarres is út. It is in Ingelsktalich nûmer 'She couldn't laugh'. By it nûmer ha Johan en Mirjam in fideoklip makke.

De opfolger fan de nûmer 1 hit 'Wêr bisto?' liet twa jier op him wachtsje. Nei Fryslân ferovere Twarres Nederlân en België. It duo hat ek in album opnommen mei Ingelske en in pear Fryske ferskes. Dat album ferskynt yn juny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)