Rendac Sumar frijsprutsen

© Omrop Fryslân
It destruksjebedriuw Rendac yn Sumar is frijsprutsen fan it leverjen fan BSErisikomateriaal. It bedriuw waard der fan fertochte dat se guod levere hiene oan feefoerfabrikanten dêr't BSErisikomateriaal oan siet.
Neffens de plysjerjochter kin lykwols net bewiisd wurde dat it oanlevere guod foar feefoer wie. De Ofsier fan Justysje hie earder in boete fan 3500 gûne easke.