Aksje fan keukenpersoniel MCL

© Omrop Fryslân
It keukenpersoniel fan sikehûs MCL giet nije wike moandei gewoan troch mei aksje fieren. Tsjin it sin fan de fakbûn wolle de sikehûzen toch wer om 'e tafel om te praten oer in nije CAO. Mar neffens Abvakabo is it no te let om de aksje fan oankommende moandei ôf te blazen.
Wyls hawwe de sikehûzen de bûnen nije foarstellen dien foar in oare CAO. Mar Abvakabo hat der noch neat mei dien.