Earste homohoulik yn Ljouwert

03 maaie 2001 - 00:00

Tongersdei is it earste homohoulik yn Ljouwert sletten. Martha Jorna en Ellie Volp hawwe mekoar yn it Stedskantoar it ja-wurd jûn.

De froulju binne de earsten yn 'e haadstêd dy't gebrûk meitsje fan de wet dy't sûnt 1 april dit jier homo's tastiet echt te trouwen. Se binne al trije jier by mekoar. Sûnt 1999 hiene se in registrearre partnerskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)