Kontrôleposten fuorthelle

02 maaie 2001 - 00:00

De maatregels yn it troch tongblier troffen gebiet binne woansdei foar in grut part opheft. De fêste kontrôleposten oan de râne fan it tafersjochgebiet binne fuorthelle.

De plysje kontrolearret mei mobile teams. De sân ekstra patrûljes binne oant ein maaie ta aktyf om ferfier fan fee te kearen. Op ferskate binnendiken bliuwe de seekonteners earst noch stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)