Praktiken húsdokters ticht
De Fryske húsdokters hâlde sûnt woansdeitemoarn har doarren ticht. Se slute har dêrmei oan by it beslút fan de Lanlike Feriening foar Húsdokters. De staking duorret noch oant freed 17:00 oere.
Fan de 350 Fryske dokters stake der 310. Allinnich yn gefal fan heechste need wurde pasjinten holpen. Fierders moatte se har keare ta de sikehûzen.