Parkeardek fan de baan

02 maaie 2001 - 00:00

By de boat nei Skiermûntseach komt foarearst gjin parkeardek. De ûndernimmers dy't it parkearterrein by Lauwerseach eksploitearje, doare it net oan. It dek soe njoggen miljoen gûne kostje moatte.

De gemeenten om Lauwerseach hinne wolle oardel miljoen op it kleed lizze. Dy bydrage sil flink omheech moatte as it plan noch realisearre wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)