Jier sel foar Penjumer

01 maaie 2001 - 00:00

In man út Penjum is tiisdei feroardield ta in jier selstraf, wêrfan in jier ûnder betingsten. Hy hie twa kear besocht it hûs fan de buorlju yn 'e brân te stekken, de lêste kear mei in molotov-cocktail.

De man wie lilk om't de buorlju hieltyd klagen oer syn hoannen. Hy is yntusken út syn hûs set. Justysje hat by de eask 'poging ta deaslach' falle litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)