Earste Alzheimer-kafee iepene
Yn Ljouwert is tiisdei it earste Alzheimer-kafee fan Fryslân iepene. Dementy-pasjinten, famyljeleden en helpferlieners kinne dêr yn in ûntspannen sfear oer de sykte prate.
Yn Delft, Utert en Grins besteane sokke kafees al langer, mei súkses. It kafee, ûnderbrocht by stifting Wolwêzen Alderen oan it Vliet, is foarearst ienris yn de moanne iepen.