Telefoan NLTO readgleon
Boere-organisaasje NLTO waard tiisdei platbelle mei fragen oer de lêste ferromming fan de tongbliermaatregels. De NLTO wie it wykein en Keninginnedei ticht.
It gefolch wie dat de stream bellers tiisdei sa grut wie dat de telefoansintrale it bejoech. De measte fragen giene oer it jarjen en de regelingen foar kij en skiep.