Mishanneling by Tsjûkemar

01 maaie 2001 - 00:00

In 37-jierrige ynwenner fan Sint Nyk is moandei mishannele troch trije manlju. De man stie by it strân fan de Ulesprong oan de Tsjûkemar te sjen nei de boatsjes, doe't de trije manlju him ynsluten en útskolden foar 'homo'. Dêrnei waard er skopt en slein.

De plysje koe de trije manlju oanhâlde. Sy wiene yn it besit fan drugs, dy't yn beslach nommen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)