Harmonie feroaret kaartferkeap

© Omrop Fryslân
De Harmonie yn Ljouwert hat it belied mei de kaartferkeap feroare. De PvdAfraksje fan Ljouwert hie dêr op oantrune om't in soad minsken klachten hiene oer de foarferkeap oan in selekte groep.
Tenei wurdt 25 prosint fan de kaarten foar grutte foarstellings achterút holden foar de losse ferkeap. Populêre foarstellings geane allinnich mar yn de losse kaartferkeap.