Hurddraverij neffens gewicht

© Omrop Fryslân
'De Swierste hurddraafwedstiid allertiden' dy't moandei yn Boalsert holden waard, wie in grut súkses. By de striid bepaalde it lichemsgewicht de starttiid fan de dielnimmers.
De swierste man, 131 kilo, mocht as earste fuort. Elke kilo lichter betsjutte 15 sekonden letter fuort. Goed 130 minsken hawwe de 5 kilometer troch Boalsert ôflein. Erik Negeman waard winner.