Drokte yn Ljouwert

30 apr 2001 - 00:00

Yn Ljouwert ha moandei sa'n 45.000 minsken de frijmerk besocht. Dat wienen der in stik mear as ferwachte. It waar wie bepaald gjin spulbrekker.

In soad 'merkkeaplju' hiene de hiele nacht har plakje beset holden. Oaren kamen by it lemieren fan de dei. Om alve oere wie it al gesellich drok yn de haadstêd. In oerke letter koe men oer de koppen hast wol rinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)