Koart nijs

30 apr 2001 - 00:00

In 70-jierrige handikapte man út Boalsert is snein ferdronken. De man rekke mei syn weintsje yn de berm fan in sleat en foel doe om. Twa famkes ha help helle, mar reanimaasjepogingen kamen te let.

De plysje hat sneintejûn sa'n tsien minsken oanholden dy't mei te folle drank op achter it stjoer sieten. In tal fan har wie belutsen by oanridings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)