'Simmer' útein set

30 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Keninginnedei wie foar Ljouwert it startsein fan wat in daverjende kulturele simmer wurde moat. Gemeente, ûndernimmers en Stichting Promotie Leeuwarden sille ûnder de flagge Simmer yn de Haadstêd ferskate eveneminten organisearje.

De drokke simmer einiget mei de boekemerk yn septimber. Nije eveneminten dy't der by hearre, binne in folkfestival en eksperimintele optredens fan artysten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)