Húsdokters stake fan 'e wike

30 apr 2001 - 00:00

Dizze wike sille de húsdokters stake. Woansdei, tongersdei en freed dogge de measte húsartsen de praktyk ticht om aksje te fieren. Allinne yn gefal fan need, is der in mooglikheid om help te krijen.

Eardere drigeminten wurde mei dizze aksje wurklikheid. Minister Borst fan Folkssûnens komt de húsdokters mei har plannen net genôch yn 'e mjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)