Oanranding jonkje fan 6

30 apr 2001 - 00:00

In jonkje fan 6 is sneontejûn oanrand yn de boskjes by swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert. It jonkje stie bûten op syn mem te wachtsjen, doe't er meinommen waard troch in 31-jierrige Ljouwerter.

De man waard even letter betrape troch de mem en in pear omstanners, dy't it jonkje sochten. De man is arresteard. Tsjûgen kinne har noch melde by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)