Ljouwert kampioen yn 3e klasse
De fuotballers fan Ljouwert ha fannemiddei mei 5-2 wûn fan Sint Anne. Dat betsjut dat de ploech promovearet nei de 2e klasse.
De ploech stie earst mei 0-1 achter, mar troch twa doelpunten fan topskoarder Edwin Rinsma kaam Ljouwert wer foar te stean. Trainer Guido Pen sil yn it nije seizoen trainer wurde fan haadklasser Snits.