Liet wurdt ynternasjonaal

© Omrop Fryslân
Liet 2002 wurdt grutskaliger en ynternasjonaler, sa is de bedoeling. Liet 2002 sil in wykein duorje. Op de earste jûn is dan lykas no de Fryske finale.
De twadde jûn wurdt in songfestival foar Europeeske minderheidstalen, dêr't de Fryske winner dan ek oan meidwaan mei. De organisaasje wol muzikanten út ûnder oaren Baskelân, Bretagne en Ierlân útnoegje foar Liet 2002.