Opmerklike aksje gemeente

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel skaft de riedskommisjes ôf. De gemeente wol de polityk sa wer ynteressanter meitsje en it debat werombringe dêr't it heart: yn de rie.
Nei de simmer sil de rie fan Tytsjerksteradiel alle moannen ien kear faker by-inoarkomme. De trije kommisjes dêr't oars alles yn foarbesprutsen wurdt, ferdwine. De gemeente rint hjirmei foarút op lanlike ûntjouwingen.