Earste Fryske euro

26 apr 2001 - 00:00

De earste Fryske euro is sûnt tongersdei in feit. Kommissaris Nijpels hat him yn 'e Ryksmunt te Utrecht slein. De munt is daliks dêrnei 'meinommen' troch de plysje. Der is in goed doel oan ferbûn.

De plysjes sille de munt op in sponsorre fytstocht nei Wim Duisenberg fan 'e Europeeske Bank yn Frankfurt ta bringe. De opbringst - 25.000 gûne - is bedoeld foar in bernetehûs yn Tsjernobyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)