Taksy-oarloch op It Amelân

26 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op It Amelân driget in taksy-oarloch. It bedriuw Cositax hat der in konkurrint bykrigen, nammentlik it bedriuw Amelân-taksy dat mei fjouwer taksys op it eilân úteinsetten is.

Neffens Cositax is hjir op it stuit lykwols gjin romte foar. De sjauffeurs fan Amelân-taksy sizze op de pier bedrige en yntimidearre te wurden troch de sjauffeurs fan Cositax.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)