Burgumer sintrale bliuwt iepen

© Omrop Fryslân
De Burgumer sintrale bliuwt noch jierren iepen. Neffens foarsitter Van Halderen fan de rie fan bestjoer fan de EPON, de eigner, sil de sintrale salang as der genôch fraach is, yn produksje bliuwe.
Earder wie der noch sprake fan dat de sintrale yn 2000 stilset wurde soe. It Belgyske Elektrakabel hat de sintrale lykwols oernommen. Op 1 maaie kriget de sintrale de namme fan de nije eigner.