Minder kreamsoarch beskikber

26 apr 2001 - 00:00

Froulju dy't yn july of augustus in poppe krije, moatte rekkenje op minder kreamsoarch. Thússoarch De Friese Wouden hat te min minsken om de gebrûklike acht dagen kreamsoarch te leverjen.

De 80 fêste krêften en 45 opropkrêften kinne de bertegolf yn de simmermoannen net oan. De thússoarch sil dêrom gesinnen yn it easten fan Fryslân mei in lytse poppe ien dei minder helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)