Mear minsken mei geslachtssykten

© Omrop Fryslân
It tal minsken mei geslachtssykten yn Fryslân nimt flink ta. Ut sifers fan de GGD docht bliken dat ferline jier yn it Noarden twa kear safolle minsken besmet wiene mei it aidsfirus as yn 1999. Ek de sykten gonorroe en chlamydia kamen mear foar.
Om it tal minsken mei geslachtssykten werom te bringen, sil de GGD fia ynternet in foarljochtingskampanje begjinne.