Philishave nije sponsor KNKB

© Omrop Fryslân
It Keninklik Nederlânsk Keatsbûn (KNKB) hat in nije sponsor. Mei yngong fan 1 jannewaris 2002 wurdt Philishave, de skearapparatepoat fan Philips, foar trije jier de nije haadsponsor.
De hjoeddeistige sponsor, de Friesland Bank, wurdt subsponsor. Sy hawwe tritich jier haadsponsor west. Partijen koene it lykwols net iens wurde oer in nij kontrakt.