Konsert De Kast mei Reboelje

© Omrop Fryslân
De Fryske bands De Kast en Reboelje leverje in bydrage oan it Europeesk Jier foar de Talen. It jier 2001 hat de titel 'Europeesk Jier fan de Talen' meikrigen en dat sil yn Fryslân benammen fan 't hjerst te merken wêze.
Op 29 oktober organisearret it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) yn Frjentsjer yn dat ramt in konsert mei De Kast, Reboelje en in Bretonse band.