Stakings driigje yn sikehuzen

25 apr 2001 - 00:00

Operaasjepersoniel fan it Antoniussikehûs yn Snits is massaal ree om op 9 maaie yn staking te gean. Doel is mear lean en skrassen fan 'e ynfiering fan 'e 38-oerige wurkwike.

Op 2 maaie rint in lanlik ultimatum ôf. Wolle de sikehûsdireksjes net om lyk, dan folget in estafettestaking. Dy set yn Snits út ein. Fjirtich operaasjes gean dy dei oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)