'Tongblierbewaking oerheidstaak'

© Omrop Fryslân
Minister De Vries fan Ynlânske Saken wol gjin partikuliere befeiligingstsjinsten ynsette by tonblierkontrôles. Dat is in oerheidstaak. De plysje kin byneed ek in berop dwaan op it leger.
De plysje hie de minister frege om in oare oanpak fan de kontrôles. Bewaking fan tongbliergebieten giet ten koste fan oare taken. Help fan in befeiligingstsjinst soe dan útkomst biede.